Skip to main content

Elemint (skiekunde) Ynhâld Sjoch ek | Navigaasjemenu

Elemint


atoomnûmerprotoanenmetalennet-metalenhealmetalenAristotelesRobert Boyle












Elemint (skiekunde)




Ut Wikipedy






Jump to navigation
Jump to search




It pereodyk systeem fan de eleminten


In skiekundich elemint is in atoomsoarte. In atoomsoarte wurdt bepaald troch syn atoomnûmer, dat is it oantal protoanen yn de kearn fan in atoom.
Dizze definysje is abstrakt en op gjin inkele wize keppele oan de makroskopysk-sichtbere wrâld. Hy stiet boppedat heaks op it gongbere taalgebrûk. Dêrom dat it begryp elemint faak brûkt wurdt mei de folgjende definysje: In elemint is in stof opboud út ien soarte atomen.


Yn de natoer wurde 94 eleminten oantroffen. By kearnreaksjes binne noch sa’n tweintich ekstra makke. It oantal keunstmjittige nimt noch altyd ta; yn 2008 wiene it 23.
De eleminten wurde op syn ienfâldichst ferdield yn metalen en net-metalen. De net-metalen binne it minste fan, 18 yn totaal. By de metalen binne 7 dy’t neffens eigenskippen wol wat útskaaie nei de net-metalen. Sy wurde dêrom faak as healmetalen oantsjut.




Ynhâld





  • 1 Skiednis fan it elemintbegryp


  • 2 Boarne fan betizing


  • 3 Literatuer


  • 4 Sjoch ek




Skiednis fan it elemintbegryp |


By de âlde Griken wie it Aristoteles dy’t in útwurke lear fan eleminten joech. Nei syn ynsjoch wie alle materarje opboud út fjouwer eleminten: wetter, lucht, ierde en fjoer. Dat betsjutte net dat yn elke stof dy fjouwer eleminten apart werom te finen wêze soene as ien mar skerp genôch seach. De oanwêzige eleminten kamen allinne tefoarskyn as in stof ûntlede waard. Yn elke stof soene alle fjouwer eleminten in bydrage leverje.


De fjouwer-elemintelear fan Aristoteles hâlde lang stân. Earst Robert Boyle melde yn syn boek The Sceptical Chemyst út 1661 dat mei eksperiminten sjen litten wurde koe dat de fjouwer eleminten fan Aristoteles te ûntleedzjen binne yn oare stoffen. En dan wiene se dus gjin eleminten, dat wol sizze ‘basisboustoffen’. Yn net-wittenskiplike ferklearringen fan de wrâld wurdt Aristoteles syn lear fan de fjouwer eleminten noch altyd tapast.


Boyle definiearre in elemint as in stof dy’t net fierder ûntlede wurde koe yn oare stoffen. Hy wie tagelyk tige skeptysk oer de mooglikheid om te bepalen wat no úteinliks eleminten wiene, want miskien wiene der wol manieren om stoffen te ûntleedzjen dy’t hy noch net koe. Syn definysje fan in elemint waard lykwols oanhâlden oant it begjin fan de 20ste iuw, doe’t de moderne atoomteory opkaam. Yn de didaktyk fan de skiekunde is Boyle syn definysje noch altyd tige brûkber, omdat de definysje op in natuerlike wize in brêge slacht tusken direkt waarnimbere ferskynsels en it abstrakte atoombegryp.



Boarne fan betizing |


De praktyk dat de namme fan in elemint ferwize kin nei in atoomsoarte of nei in stof kin oanlieding jaan ta misbegryp.
It sizzen ‘Fluor is in gefaarlik en dreech te hantearjen gas’ wol min del yn ien dy’t de moarns noch heard hat: ‘Ferjit net dyn fluor-piltsje yn te nimmen’.
De útspraak ‘Dit wetter is frij fan soerstof’ kin skoan, as bedoeld wurdt dat yn it wetter gjin soerstofgas (O2) oplost is, mar kin betiizjend wêze foar ien dy’t foar eagen hat dat wetter in ferbining is fan wetterstof en soerstof.



Literatuer |


R. Hooykaas, Geschiedenis der natuurwetenschappen, Utert 1971.



Sjoch ek |



  • List fan Skiekundige eleminten.


  • Periodyk systeem fan de eleminten.




Untfongen fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Elemint_(skiekunde)&oldid=934062"










Navigaasjemenu


























(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgPageParseReport":"limitreport":"cputime":"0.012","walltime":"0.020","ppvisitednodes":"value":19,"limit":1000000,"ppgeneratednodes":"value":0,"limit":1500000,"postexpandincludesize":"value":0,"limit":2097152,"templateargumentsize":"value":0,"limit":2097152,"expansiondepth":"value":2,"limit":40,"expensivefunctioncount":"value":0,"limit":500,"unstrip-depth":"value":0,"limit":20,"unstrip-size":"value":0,"limit":5000000,"entityaccesscount":"value":0,"limit":400,"timingprofile":["100.00% 0.000 1 -total"],"cachereport":"origin":"mw1241","timestamp":"20190315061731","ttl":2592000,"transientcontent":false););"@context":"https://schema.org","@type":"Article","name":"Elemint (skiekunde)","url":"https://fy.wikipedia.org/wiki/Elemint_(skiekunde)","sameAs":"http://www.wikidata.org/entity/Q11344","mainEntity":"http://www.wikidata.org/entity/Q11344","author":"@type":"Organization","name":"Contributors to Wikimedia projects","publisher":"@type":"Organization","name":"Wikimedia Foundation, Inc.","logo":"@type":"ImageObject","url":"https://www.wikimedia.org/static/images/wmf-hor-googpub.png","datePublished":"2007-06-26T22:57:09Z","dateModified":"2018-09-29T13:03:37Z","image":"https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/8/84/Periodic_table.svg"(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgBackendResponseTime":144,"wgHostname":"mw1330"););

Popular posts from this blog

The Calvary Singular or Plural The 2019 Stack Overflow Developer Survey Results Are InAre collective nouns always plural, or are certain ones singular?Is “audience” singular or plural?“Wasn't” vs. “weren't” in a vernacular sentence“My last couple of years” — singular or plural?Is 'rest' singular or plural?Is “all but one” singular or plural?Whether to use the singular or plural form of basis?Singular and Plural for numbersIs there a plural form of teeth?performance: plural vs singular?singular or plural nouns?Singular and Plural

How does one intimidate enemies without having the capacity for violence?Ideas for how aliens would approach this fight?How to convey the scale of my humanoid without science or units?How does the “space drive” conserve momentum?Planet Vanishes - How does this affect the orbiting starships?How does a community of a Universe Simulator have the same language as its creator?How would US Presidential elections be affected if voters could choose the state their vote for President was counted in?How Does One Ensures the Immortality of Their ConsciousnessHow do I retain national independence while also having a one world government?How can Ganymede have an Earth-like gravity without us having realized it?How would one make a lion mount for a fantasy world?

Output visual diagram of pictureASCII-art logic gate diagramBooks on a ShelfDetermine the Dimensions of a Rotated RectangleDraw a Houndstooth PatternDraw and label an ASCII hexagonal gridGolf me an ASCII AlphabetASCII Jigsaw PuzzleOutput a pretty boxASCII-Art Venn DiagramASCII Exact Cover with Rectangles